Kompetysje omloop 6

Freed te jun tweintich oer 7en, binne Jouke en ik op it fjild en kin we moai efkes sjen hoe Sjirk Gjalt, Gjalt Sjirk oan it trainen is foar it NK. It is Healwei achten en der komt Johannes de Jong it fjild op wêrmei de competysje keatsers op twa komme. De meagerste opkomst oant no ta.

Gjalt is oan it opslaan en Johannes en Jouke geane yn it perk stean om sa dochs noch mar efkes in baltsje te slaan. Dan mei it swit op it gebit komme de Heida’s om e hoeke fietsen, 5 minuten te let mar wol de rêders fan de jun! Der kin keatst wurde. Johannes en Jouke steane al yn it perk en derom kinne Jan en Jesse moai oan de stuit begjinne. It begjint te reinen en omdat de Wjukken ticht is gean ik op hús oan en dertroch kin ik jimme neat oer it ferrin fan de wedstriid fertelle mar wol oar de útslach De útslach Jouke en Johannes -> Jesse en Jan 5-5/6-2

Geplaatst op 23 June 2015